Basisskoalle De Jint út Stiens op greidfûgelekskursje

Basisskoalle De Jint út Stiens op greidfûgelekskursje

25 mei 2022
Tongerdei 19 maaie wie iepenbiere basisskoalle De Jint út Stiens op greidfûgelekskursje. As earste ha se de houten fûgels mei aaien út de leskist fan de BFVW besjoen. Doe binne se yn de mobiele fûgelsjochhut west, wêr se oer it ferhege wetterpeil fan Hendrik en Hieke Anema koen glúre. Der sieten wol 13 span skiezen mei piken, 5 span tjirken en 2 span ljippen. Dernei binne de bêrn nei de pleats fan famylje Zeinstra/Hermanides fytst wer se in rûnleiding fan Jo-ann kriegen ha. As slútstik ha se noch oant fierljeppen west. De bern ha hiel wat fûgels en bisten sjoen en se wiene tige enthousiast.
  
  
Zonnebloemlint, doe mee en doneer!

Bestel vandaag nog bloemenzaden en help mee het zonnebloemlint van 9000 meter te realiseren!