Hans Kroodsma afgezwaaid na tien jaar voorzitterschap Waadrâne

Hans Kroodsma afgezwaaid na tien jaar voorzitterschap Waadrâne

25 april 2025
Eerlijk is eerlijk, ambitie om voorzitter te worden had Hans Kroodsma, biologisch melkveehouder uit Jannum, niet toen hij in december 2014 samen met Corrie Terpstra en Reinskje Brandsma Agrarisch Collectief Waadrâne oprichtte, als een samenwerking tussen de agrarische natuurverenigingen Om ’e Koaien en de Guozzekrite. Maar het liep zo, en zo zou het tien jaar blijven lopen. ,,En dat hat goed west,” vertelt Kroodsma thuis in het kantoor boven zijn stal. ,,Ik fûn it wurk sa leuk en wichtich, dat de tiid omflein is. It hat nea as wurk fielt.”

Ruim tien jaar geleden werd Agrarisch Collectief Waadrâne, kortweg Waadrâne, opgericht om het weidevogelbeheer centraler te organiseren. Voorheen werden vergoedingen vanuit het Rijk apart met veehouders afgestemd, maar door de komst van zo’n veertig collectieven in heel Nederland kon dit beter worden georganiseerd.
,,Yn earste ynstânsje soe it net sa folle wurk wêze, mar as kollektyf hawwe wy ek hieltyd mear saken sels oppakt, sa as it ikkerfûgelbehear en projekten as it sinneblomlint. Wy hawwe altyd in praktysk kollektyf west: net te folle prate, mar dwaan en derfan leare. En wat hawwe wy in soad leard, troch te dwaan, mar ek faninoar.”

In het begin waren er tussen de honderd en honderdtwintig boeren aangesloten bij Waadrâne. Tien jaar later zijn dat er ruim 180.
,,Wy hawwe in moaie groei trochmakke, en der sit noch mear groei oan te kommen. Mar wy wachtsje no op dit stuit op de oerheid – der is sa’n 500 miljoen tasein foar agrarysk natuerbehear, mar wannear’t dat krekt komt, witte wy net. En dat giet my eins wol te dreech. Wy hawwe boeren dy’t op de wachtlist steane. Wy besykje harren te helpen, mar it jild is der noch net.”

Trots is Kroodsma op de goede samenwerking binnen de organisatie, met Corrie in het bijzonder. Ook de groei die Waadrâne door de jaren heen heeft gerealiseerd is iets om met trots op terug te kijken.
,,Wat ek moai is, is dat de ekskurzjes goed besocht wurde, folle mear as doe’t wy dermei begûnen. Net alle boeren wolle graach minsken op it hiem, mar it is wol hiel gewoan wurden om út te dragen wat wy dogge foar it agrarysk natuerbehear.” Wat Kroodsma dan weer jammer vindt, is dat het in tien jaar niet gelukt is om de gehele vogelstand meer omhoog te laten gaan. ,,Do kinst sjen dat de fûgelstân by boeren dy’t oansletten binne by Waadrâne en harren ynsette foar agrarysk natuerbehear, heger wurden is. Dat hawwe wy dus goed dien. Allinnich sjochst dat op plakken wer boeren net meidwaan kinne, de fûgelstân just achterút gien is. Dus per saldo is de totale populaasje net foarút gien.” Wat daar volgens Kroodsma ook aan bijdraagt, is het probleem van predatoren.
,,Dêr soenen wy folle mear tsjin dwaan wolle as dat no mooglik is. Je reitsje no noch in soad fûgels kwyt oan predatoren dy’t je eins net misse kinne.”

Nu Kroodsma afzwaait als voorzitter bij Waadrâne – al blijft hij nog wel betrokken bij het collectief – komt er meer tijd vrij voor zijn eigen bedrijf.
,,Ik wurke gemiddeld sa’n trije dagen yn ’e wike foar Waadrâne. No is der wer tiid foar saken dy’t yn de ôfrûne tsien jier lizzen bleaun binne op it eigen bedriuw, mar ek tiid foar nije projekten, sa as de Jannummer tsiis dy’t wy no meitsje.” Ook voor Stichting Twirre blijft Kroodsma zich inzetten.
,,Twirre is eins de ferbining tusken de boer en de boarger. Mei Twirre litte wy sjen hoe moai en sûn it is as je lokaal, earlik en farsk keapje.” Naast deze activiteiten kan het zomaar zijn dat Kroodsma in de toekomst ook in andere projecten stapt.
,,Der lizze ek kânsen foar toerisme yn ús sektor. Dat fyn ik ek nijsgjirrich om te ûndersykjen. Sjen oft je dêr ek in fertsjinmodel foar fine kinne, wêrmei’t je ek wer wat ekstra’s foar de natuer dwaan kinne. Mar wat ik ek oppakke sil, ik sil altyd sjen oft ik it yn breder ferbân oppakke kin. Tegearre is altyd mear wurdich as allinnich. Dat hat de ôfrûne tsien jier wol bliken dien.”

Tekst: Johanna Kommerie
Zonnebloemlint, doe mee en doneer!

Doneer vandaag nog en help mee het zonnebloemlint van 9000 meter te realiseren!